| Algemien Boazum is in doarp mei ûngefear 320 ynwenners yn it sûdeasten fan de gemeente Littensaradiel. Boazum hat in Basisskoalle (OBS it Dûbelspan) en in krobbehonk. De Boazumer mjitte is it doarpshûs fan Boazum. De tsjerke fan Boazum is ien fan de wichtichste en moaiste romaanske tsjerkegebouwen yn Fryslân út de 12e ieu. (link wykipedia) | ![]() |
| De Tsjerke Yn 1941 is de tsjerke renofeare, by dizze renofaasje binne skilderingen yn de gewelfen ûntdutsen. De saneamde "Majestas Domini". De skilderingen stelle Christus foar sûnder burd. Mear ôfbieldingen fan de tsjerke fan Boazum binne te fynen op in site fan de Rijks Universiteit Groningen. (link) |
![]() Majestas Domini Boazum |
| De Boazumer Mjitte Mjitte hat yn it Frysk in protte betsjuttingen. Boazumer Mjitte stjit yn dit gefal foar Boazumer "maat". De maat wert yn Boazum mei mjitten waard wie in bytsje grutter as yn de rest fan it lân. Yn it kafé betsjut in Boazumer Mjitten in Borrel mei in kop der op. (link) |
De Boazumer Mjitte |